sykje

vrijdag 18 augustus 2017

as ik gean ...

as ik gean...

as ik gean nim ik de sinne foar dy mei
oer de bergen fan de reade mar
huordzje de menisteblauwe loften

ik hear de sikaden noch snetterjen
garje ljocht en kleuren bijelkoar foar wrede riten;
- myn lydsum ferset tsjin ‘t fallend blêd

kinst sa lang wol wachtsje
of fyn ik aanst in heukerich hûs
mei âlde rekkens om lyk te striken ...

ik draach dochs de sinne foar dy mei,
do en ik hâlde de simmer heech,
ik folgje noch nachtenlang
it ljochtspoar fan ‘e Perseïden 


Ⓒhn-0817a

'As ik gean...'  ha ik skreaun nei in moaie en relaxte fakânsje yn Súd-Frankryk. Bedoeld om de simmer langer fêst te hâlden en de hjerst noch in moai skoft op te kearen...