sykje

woensdag 30 augustus 2017

sânde himel

 sânde himel

skilderje ik de wolken wyt
do foltôgest de loften
yn tûzen tinten blau,
gean ’k al knoffeljend it dwaalpaad del
do hâldst de eagen op ‘e dyk
witst fan myn riten en demoanen
ik hear dyn nearens en dyn noeden,
ferjei de bearen op ‘e wei

kenst myn kueren, nukken
en bokkige yllúzjes,
myn nachten mei gjin wink,
de ûnnoazele panyk,
it sjongen fan itselde liet,
witst my hieltyd wer te troaikjen
yn myn dwaan en litten

al bisto myn Urania net,
de Ursa Major op dyn skouders
fyn ik op ’e taast,
lykas de himelske holte fan dyn rêch;
it swijen fan dyn eagen,
de stilte fan dyn stim
sprekke skel de wierheid
dy't ik witte kin

allicht bin ús idealen belune,
wysels in grizel wizer,
is in heal wurd ús al genôch,
ik bin net redenryk as Homerus;
wy húzje net op ’e Helikon,
fan Terpsichore of Euterpe
ha ik gjin ferlet
 
 
©hn517-1 

     

masterdream

masterdream

fannacht seach ik
de âlde master
mei syn frou
it wie yn soks as
in teater, bioskoop, 
in grut gebou

hy hie noch deselde jas,
en in pet op, 
sy in nuver huodsje
dat hie hy eartiids nea,
in pet -no... soms, yn maart-
sy trouwens ek net in hoed 
(sels net yn maart)
se wiene in stik grizer, 
lytser ek en yn swart-wyt

se stapten yn ‘e lift
tusken allegear oaren
dy’t ik nét koe
ik hie net it idee dat hja 
my seagen
of se woene my net sjen,
hie ik wat ferkeards dien?

faaks wit ik moarn mear

©hn-0717a

Dit fers is skreaun nei oanlieding fan in moarnsbetide dream..