sykje

publikaasjes

Op dizze side stean de fersen dy't yn de rin fan de tiid hjir en dêr publisearre binne yn literêre tydskriften en yn 'blomlêzingen' dan wol sammmelbondels. De titel fan it fers is tagelyk de link nei de publikaasje. Dat jildt (wat dy link oanbelanget) útsoarte net foar fersen dy't yn print ferskynd binne.

Debút

Myn earste gedicht dat publisearre waard is 'foarsimmer' en stie op 15 maaie 2015 op de digitale ferzje fan literêr tydskrift Ensafh.

foarsimmer

it roait al moai nei maaie
mar simmer is 't noch net
de sinne klimt stadichoan
wol heger mar bakt
der noch net folle fan
moarns betiid
brekt it gers fan
fan froast en ryp

noch wat in spul
fan kâlde fuotten...



Ⓒhn-0315a


It twadde fers dat op Ensafh. kaam te stean wie 'nije wegen', dat wie op 2 juny 2016. In fers dat giet oer feroaringen en ôfskie-nimmen fan âlde saken... Foardat it publisearre wurde koe is der op oanrieden fan de redaksje noch wol wat oan omsleutele. It waard der net minder fan...

nije wegen

in muorre fan weagjend grien
wâlet d’ âld slieperdyk bydel
lizzend op it meanfjild
yn in gerswek mei skoare kanten,
stoareagje ik sliepdronken
omheech nei wolkens
twirjend ûnder it blau

ik huverje fan eangstswit
of de lichte simmerrein,
it bin de trochwekke nachten,
net langer gean ik oer
it paad fan miste kânsen
of folgje healwize tinzen as
in jachthûn de rook fan de ridel

wer ûnderweis lit ik mei
wat wjeraksel en lichte weemoed
âlde prinsipes en ideeën
achter, bedobbe neist de
ûnskuld fan eartiids

even earder oan de dyk,
tysket noch wat stowend grús
fan naïve dreamen en
tinne idealen


Ⓒhn-04-2016

'wachtsje' wie de tredde publikaasje op Ensafh. It is skreaun yn it ramt fan de kursus 'gedichten skriuwe' dy't jûn waard troch dichter Elmar Kuiper. It ûnderwerp wie 'it dekôr', (it fers spilet him ôf op it stasjon) mar troch wer- en wersjen is der wol ien en oar oan feroare mar de stasjonsfear komt neffens my noch wol út 'e ferve.


drok-driftich ratteljende rolkoffers
teheisterje tegels froulju
hakketikke hurd-hurd
foarút tusken display-dikerjende
reizgers op in fol perron nei
treinen dy’t der noch net binne
oare kant spoarsleuf leunt linich
in prachtich famke, stoareagjend
yn serene rêst, tsjin in stielen stander
de glâns fan har tsjokke
bosk ljochte krollen wint it krekt net
fan de sinne mar toveret har ta
in spoarfee – sûnder iphone –
dan wringt myn trein him
tusken ús yn as ik te plak sit
en har yn myn eachweid
werom helje wol is hja
weiwurden yn har eigen mearke…


dúnknyn op knikelfjild

skedel mei noch geve toskjes
bonken los of brutsen
in plôk skier hier

healheech helmgers
dat de dea ûntkent

gifgrien stjerremoas
as lêste rêstplak of
beklaaiïng fan de kiste

giel poddekrûd, in
roukrânse sûnder lint

ik rin in lêste krús,
klyster sjongt it rekwiëm
 
©hn-hollum-1016

It fers 'spes bona' waard publisearre yn it 4e (papieren) Ensafh. -nûmer fan 2017, op side 63. Dat wie myn earste fers dat yn de 'fisike' útjefte fan Ensafh ferskynde, op it Relyfers 'tún' nei, dat yn it spesjale Relynûmer fan 2016 opnaam waard.


spes bona

plak yn ‘t taffelskleed
ôfhandich eilân sûnder palm of hut,
de drinkeling hopet op in skip

derûnder it rútpatroan yn rjochte linen 

sa’t in skip ûnmooglik koerse kin: 
wyn ferwaait it sok 
skom ferdwynt yn weagen

in trein soe it wol rêde 

streekrjocht hinne en werom, 

mar treinen ha gjin spoar op see




©hn0417

It gedicht 'mei it muzyk mei' is skreaun yn it ramt fan de manifestaasje 'Beiaard en Poezie' dat plakfûn op 8 juny 2018 yn Ljouwert. Ja, ek in bytsje LF18. Ynisjatyfnimmer en komponist Feike van der Zee en ik wiene oaninoar keppele, hy makke in komposysje foar it kariljon en ik in fers. Dat waard dus: 'mei it muzyk mei' ...


mei it muzyk mei

a
s melodyen langer net te binnensjitte
myn eagen almar taaste yn it tsjuster
tinnitus trommelfluezen teistert
wolsto dan myn tamboer-mêtre wêze
dan rinne wy mei hege knibbels op 'e pas
oer de binnenpaden fan Methusalim
 

nim my nochris by de fearten del
dêr't wy earder fisken, swommen, 
sinne sûnder erch ús rêgen skroeide
wêr't wy einenêsten rôven yn 'e reiden
wiete sokken kletsten tsjin 'e hikke
skrokken fan stampfee yn 'e greide

fan swierwaar yn 'e neare jûn 
it knetterjende koper fan de flits
de donkere dreunen fan de trom
safolle tellen eangst, hieltyd tichter by
oaremoarns ferwaaide nêsten yn 'e wâl
de lichte toan fan slakkespoaren op 't beton

rin do wer as in stoaterske hoanne
jou kordaat de mjitte oan 
smyt de stêf nochris heechop
sadat er skitteret yn 'e sinne
tikje ik de tingels op 'e triangel
as soene wy de taptoe rinne

©hn418e