sykje

prizen

Op dit ûnderdiel 'prizen' fan it blog stean de fersen dy't alris bekroand binne:

Yn 2016 wûn myn fers 'tún' ien fan de 5 prizen fan de renomearre Rely Jorritsma wedstriid. In jierlikse priisfraach foar gedichten en ferhalen. Oant no ta altyd organisearre troch en yn de gemeente Littenseradiel en fan 2018 ôf troch Ljouwert. Op 1 oktober  2016 waarden de prizen yn Weidum oerlange tidens in feestlike byienkomst.


tún

yn it skaad ûnder de stobbewylch
dêr’t de sinne amper komme kin
lizze de fergriemde wurden fan flugge
leagens en moaie praatsjes as de brune
blêden fan de lêste hjerst mei de rook
fan wiete grûn en skiere skimmel

dêrneist leit in kroadfol oan gedachten dy’t it
brein bestookten mar der net ta diene want
al âld, fan juster of noch folle earder

op de sleatswâl yn it fitergers leit in
protsje miste kânsen njonken in nustje
tinne idealen as hekkelrûchte yn desimber
toar en brún mei giele snilen en
stjonkend nei bedjer

út ‘e bûkehage kypje tear as nije knoppen
wat noch net ferfolle winsken, grien en
ûnbedoarn no noch frij fan rûpen

yn ‘e lijte fan it skuorke it waarmste
hoekje fan it hiem, húsmanje oantinkens
yn’t klimmerblêd as bliere
bûnte klysters op it nêst yn maaie

dan de dreamen, myn dreamen wrakselje tsjin
de dwylsin fan de hoannepoat dy 't mei
syn wite klauwen steech en hast ûngemurken
mar as in diktator sûnder moederaasje
besit nimt fan it hiele griene ryk

de dreamen ha it dreech mar wachtsje
mar oant aanst de revolúsje
nei de earste nachtfroast fan oktober…

Ⓒhn0316

Foar nije gedichten foar it Dichterspaad yn Aldegea (Sm.) waard ein 2018 in oprop dien. Ik ha doe it fers ‘Mei it muzyk mei’ ynstjoerd dat troch de sjuery útkeazen waard om in plakje te krijen op de kuierrûte. Mei noch in tweintichtal oare dichters  wie ik oanwêzich doe’t de útslach bekend makke waard noch foar it bûtenseizoen begjine soe.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten