sykje

woensdag 30 augustus 2017

sânde himel

 sânde himel

skilderje ik de wolken wyt
do foltôgest de loften
yn tûzen tinten blau,
gean ’k al knoffeljend it dwaalpaad del
do hâldst de eagen op ‘e dyk
witst fan myn riten en demoanen
ik hear dyn nearens en dyn noeden,
ferjei de bearen op ‘e wei

kenst myn kueren, nukken
en bokkige yllúzjes,
myn nachten mei gjin wink,
de ûnnoazele panyk,
it sjongen fan itselde liet,
witst my hieltyd wer te troaikjen
yn myn dwaan en litten

al bisto myn Urania net,
de Ursa Major op dyn skouders
fyn ik op ’e taast,
lykas de himelske holte fan dyn rêch;
it swijen fan dyn eagen,
de stilte fan dyn stim
sprekke skel de wierheid
dy't ik witte kin

allicht bin ús idealen belune,
wysels in grizel wizer,
is in heal wurd ús al genôch,
ik bin net redenryk as Homerus;
wy húzje net op ’e Helikon,
fan Terpsichore of Euterpe
ha ik gjin ferlet
 
 
©hn517-1 

     

Geen opmerkingen:

Een reactie posten